Elfde pastorale brief Elfde pastorale brief
Koarnjum, 5 juni 2020
Beste minsken,
Houd moed      heb lief
Dat binne de wurden, dêr ’t ik  myn foarige stikje tekst mei ôfsluten ha. Ik sjoch dizze tekst op in flagge of op in flyer efter in rút, û.o. by Piet en Miep yn Koarnjum. Dizze tekst is betocht troch dûmny Anne Meta Kobes út Heerenveen. In bemoedigjende tekst fanút in bibeltekst:     1 Korintiërs 13 vers 7: ‘Door de liefde verdraag je alles wat er met je gebeurt. Door de liefde blijf je geloven en vertrouwen. Door de liefde blijf je altijd volhouden.’    Door de liefde blijf je altijd volhouden. Dêr komt it op oan yn dizze tiid: folhâlde…… Ik frege my ôf hoe’t it by ús binnen de tsjerkelike mienskip mei ús frijwilligers giet. Kinne hja it folhâlde yn dizze tiid?  Ik ha ús fjouwer wykâlderlingen frege hoe’t harren wurksumheden der no útsjogge, oft  der swierrichheden binne en hoe’t hja dat dan oplosse.

Hjirûnder harren sitewaasje:

Alie lit witte dat de ôfrûne wiken foar har foarby flein binne, mei om’t se ek gewoan oan it wurk is. Op dit momint hat se minder kontakt mei de minsken, wêrfan’t se einks fynt dat in besite wol op syn plak wêze soe. In besite kin net,  Alie bellet no mei minsken en se merkt dat dat hiel goed wurdearre wurdt. Sels fielt se har wolris wat skuldich oer dizze feroaring. Lokkich wie it in lange tiid moai waar en koe se, op paste ôfstân, by gemeenteleden yn de tún sitte. Op har “bezoekmedewerkers” kin se altyd in berop dwaan, mar ek dat giet no meastentiids telefonysk.

Margreet tinkt dat we noch lang net oan ‘e ein binne fan dizze swiere tiid. Soene we oan it ein fan it jier wer nei tsjerke kinne?  Margreet merkt by harsels, dat se nei it begjin fan ‘e krisis  no wer wat rêstiger wurdt. “Je wurde je bewust fan bepaalde dingen,  je genietsje fan lytse dingen en fan ús moaie omjouwing”. Kontakten mei gemeenteleden binne oars, Margreet bellet, yn pleats fan besites. En soms, eefkes yn  ‘e tún of by de doar, in koart petear. As ik har freegje oft mei namme âlderen, no meskyn iensum en/of depressief wurde, merkt se op  dat se dêr no gjin dúdlik sicht op hat. Minsken harkje nei it meditatieve momint op “kerkdienst gemist” en dat jout in gefoel fan ferbining. Margreet hat har “bezoekmedewerkers” elk in listje jûn mei nammen fan in pear minsken yn har wyk. Dizze minsken wurde geregeldwei opbelle mei de fraach:  hoe giet it mei jo? Dat rint goed en wurdt tige op priis steld.

Fetsje hat ek in listje makke mei nammen en tillefoannûmers.  Alde minsken yn har wyk  wurde, troch har en har “bezoekmedewerkers”, opbelle. Se merkt dat minsken tige bliid binne mei samar eefkes in praatsje.

Willie hat oerlis hân mei har “bezoekmedewerkers” oer wat te dwaan mei it pastorale wurk yn dizze tiid. Dêr is útkommen dat elts, op syn of har eigen wize, de bewenners fan de eigen adressen yn ‘e gaten hâldt, krekt as foarhinne. Willie sels docht dat mei in kaartsje of in tillefoantsje. En, by it rûnbringen fan de Pastorale brief, ûntsteane somtiden moaie gesprekken en wurdt wurdearring útspruten foar dy brieven. “Ik ha it gefoel, seit Willie, dat er oer it algemien goed op mekoar past  wurdt”.
It is my dúdlik wurden dat alle fjouwer froulju harren bêst dogge om meimekoar, mar ek elk op har eigen wize en mei har eigen mooglikheden,  by te dragen oan  oandacht en leafde  jaan oan elk, dy’t dit nedich hat. Mochten jimme meskyn nèt opbelle wurde, mar wol behoefte ha oan kontakt:   pak dan aub. sels de tillefoan!
Ik winskje elkenien moed.  Moed om oer drompels hinne te stappen en moed om mei te wurkjen oan it ûntstean fan moaie mominten……….                               

Hertlike groetnis,  Fokje Swierstra

Meditatieavonden:    Er wordt iedere woensdagavond om 19.15 uur via kerkdienstgemist.nl een meditatief moment uitgezonden vanuit de Hoekstien. Deze opnames kunnen ook op een later moment nog worden beluisterd. Op onze eigen website https://britsum-koarnjum-jelsum.protestantsekerk.net/ is een link te vinden naar deze uitzendingen. Er zullen lezingen zijn, (orgel)muziek, gebeden. Op 3 juni zal dit moment ingevuld gaan worden door het Jeugdteam en op 10 juni door dhr. H. van der Weij mmv. dhr. Jaap Osinga, zang.   De eerste 30 kerkgangers zijn welkom (via de hoofdingang)  om dit meditatieve moment live mee te maken.
Verzoeknummers:   We ontvangen graag uw wens voor een lied en/of gedicht in een meditatief moment.                                                                                                                                                          In juni zal de Hoekstien ook op zondagavond open zijn. Tussen 19.15  en 20.00 uur is er de mogelijkheid voor meditatie in stilte en kan er een lichtje aangestoken worden. Er is muziek en er zijn beelden.  U bent welkom. Ook hier maximaal 30 aanwezigen.
Registratie: De overheid wil graag een bron van besmetting snel kunnen traceren. Vandaar dat kerken, net als alle andere organisaties, moeten werken met een reserveringssysteem. Mocht het nodig zijn, dan is er achteraf in kaart te brengen wie met wie in contact is geweest.  Voor registratie kunt U mailen, bellen of appen met Wijtse of Fokje. Ook is het mogelijk om, als u naar de kerk gaat, een briefje met uw naam erop, mee te nemen en dit briefje in het bakje, dat bij de ingang van de kerk naast de hand gel staat, te stoppen.

Meeleven:  Er zijn twee jarigen:  op 12 juni wordt dhr. R. Haijma uit Britsum 77 jaar en op 14 juni hoopt dhr. F. Nicolaij 81 jaar te worden.  Allebei hartelijk gelukgewenst.

In memoriam dhr. Fokke Velsma:     Fokke Velsma wie in bekende Britsumer. Bekend om’t hy by in protte doarps- en tsjerklike aktiviteiten belutsen wie, mar foaral stie hy bekend as in o sa freonlike  man. Altyd ree om oaren te helpen, altyd yn foar in gesellich praatsje.
As jonkje fan sa’n twa jier wie er mei heit en mem út Menaam nei Britsum kommen. Fokke wie de âldste fan de trije bern. Heit hie in boerespultsje yn de buorren. Nei de legere skoalle gie Fokke nei de ambachtsskoalle. Hy wie o  sa handich en hie in soad nocht oan bygelyks bouwen en houtbewurkjen. Nei syn skoalletiid gie er by syn heit oan it wurk. Dat wie needsaak.  Fokke krige kennis oan Engkjen Plantinga út Stiens en yn 1958 trouden se. Twa jier letter kaam heit troch in hertstilstân der ynienen by wei te fallen  en naam Fokke it bedriuw oer. Der kamen trije bern en ek in omkesizzer kaam by Fokke en Engkjen wenjen. Fokke wie in leafdefolle heit.
Sneins giene se trou nei de Herfoarme tsjerke yn Britsum. Fokke wie in leauwich man op in romme en mylde wize. Hy wie net in man fan grutte wurden. Syn leauwen wie ienfâldich fertrouwen en hy wie tankber foar alles wat him jûn wie.
Hy siet yn ‘e tsjerkeried as âlderling en diaken, behearde lange tiid it Pytsje Terpstra fonds, hy siet yn de ANBO, by de EHBO, wie tige warber foar de skoalle en foar de begraffenisferiening en wie faak belutsen by  doarpsaktiviteiten. As bysûndere blyk fan wurdearring krige Fokke in keninklike ûnderskieding.
By it âlder wurden kamen de mankeminten. It rinnen waard minder, mar geastlik bleau hy helder en sterk. Foar Engkjen wie hy altyd in leave en soarchsume man. Lokkich wie it mooglik dat Engkjen en de bern de lêste dagen en oeren by Fokke wêze koenen. Yn rêst en  frede is hy woansdei 20 maaie ferstoarn.
Ds. D. de Boer  

Namen en telefoonnummers van ouderlingen:                       
Fetsje van der Werff    tel. 2571226
Margreet Holwerda  06-83177720
Willie Stienstra        tel. 2573586
Alie Sinnema    tel. 058-2571799
Naam en telefoonnummer van jeugdouderling:    Jacoba Gerritsma       tel. 2575094
Naam en telefoonnummer contactpersoon diaconie:   Tine van der Veen   tel. 2572393
               
Afwezigheid ds. M. Hulzebos:   Ds. M. Hulzebos is tijdelijk afwezig. Er is vervanging geregeld, te bereiken via de voorzitter en de scriba van de kerkenraad. Hun gegevens staan onderaan deze brief.

Een hartelijke groet namens de kerkenraad,    Wijtse Kemker,  voorzitter   (058-2572684)
Fokje Swierstra, scriba   (058-2572426,  06 27322339)   scriba.bkj@hotmail.com

 
terug