zo 16 aug 2020  om 09:30
Voorganger: Ds. T. Simonides
Fryske Tsjinst De Hoekstien, Britsum
Organist: Ernst Panstra



Ynliedend oargelspyljen

Wolkom en meidielings troch âlderling fan tsjinst

Wy lústerje nei de meldij fan liet 216 en lêze de tekst fan de kûpletten 1 , 2 en 3  mei.

1
Dit is in moarntiid as oait de earste.
’t Liet fan ’e klyster makket God grut.
Tank foar it sjongen, tank foar de moarntiid,
beide ûntspringe nij oan it wurd.
 
2
Dauwe_oer de ierde, sinne fan boppen,
hearlike hôftún, rook fan alear.
Tank foar de beammen, blommen en fruchten,
al wa’t hjir omrint, moetet de Hear.
3
Dei fan myn libben, ljocht foar myn eagen,
ljocht dat al fonkele dêr’t Eden lei.   
Priizgje_yn ’e moarntiid God foar syn skepping,
priizgje bliermoedich syn nije dei.
 

Stil gebed

Bemoediging en groet

Wy lústerje nei de meldij fan psalm ( liet) 118 en lêze de kûpletten 1 en 10 mei
1
Sjong no in feestliet foar de Heare:
syn goedens is de ein fan wei!
Lit Israel de lofsang leare:
syn goedens is de ein fan wei!
Sjong, prysterkoaren allegearre:
syn goedens is de ein fan wei!
Jim dy’t God freezje, lit it hearre:
syn goedens is de ein fan wei!        
10
De Hear is God, Hy liet ús blinke
de dage fan in nije moarn.
Hjoed wolle wy syn trou betinke,
wy drage Him ús offers oan.
Jo binn’ myn God, Jo wol ik tankje,
heech giet myn jubel troch de dei.
Mei ’t folk wol ik jo lof ferklankje:
syn goedens is de ein fan wei!
 

Gebed om in segen

Wurd by snein 16 augustus 2020

Wy lústerje nei de meldij fan psalm (liet) 68 en lêze kûplet 7 mei
7
God is ús heil, halleluja!
Him komt in lûde lofsang ta,
Hy holp ús al ús dagen.
Hy joech ús frede foar geweld
en hat ús yn ’e romte steld,
Hy wol ús libben drage.
Yn dagen fan ellinde_en kwea,
al drige ús de wrede dea,
God liet ús net allinne;
Hy hat ús romte_en útkomst brocht,
de Heare Heare is it ljocht
dêr’t wy mei fierder kinne.
 

Moment fan ynkear en besinning.

Gebed om ferjouwing

Wurd fan genede

Tsien Wurden ús jûn as rjochtline en as  paadwizer op ús wei troch it libben

As gebed foar de iepening fan de Bibel lústerje wy nei liet 317 en lêze  de kûpletten 1, 2 en 3
 
1
Hear, Jo hawwe_it swijen brutsen,
Jo ha sprutsen
en jo stim klonk yn ús hert.
Meitsje_it paad nei Jo begeanber,
wês fersteanber;
sprek Hear, jo gemeente heart.
 
2
Hear, jo boadskip dat beskreaun is,
libben bleaun is,
is in krêft yn ús ferlet.
Sjoch it boek mei wat Jo sizze
iepen lizzen;
sprek Hear, jo gemeente heart.
 
3
Wol ús út it ûnlân helje
dêr’t wy dwelmje
troch in frjemde stim beset.
Bring ús nei jo stêd fan frede,
út genede.
Sprek Hear, jo gemeente heart.
 
 
Lêze Psalm 119 : 56 -66

Wy lústerje nei de meldij fan psalm (liet) 119 en lêze de kûpletten 23 en 27 mei   
23
Jo wurd stiet yn ’e himel ivich fêst,
jo trou en geunst omspanne de geslachten.
Yn Jo hat de_ierde grûn en fynt hja rêst,
en yn jo tsjinst stean minskebern en machten.
Hie net jo wet myn heechste wille west,
ik wie te’n ûnder gien yn leed en klachten.
 
27
Jo wurd is my in lampe foar de foet,
en op myn paad in ljocht yn alle lijen.
Wat Jo beskikke, Hear, is inkeld goed,
dêrom ha ’k sward de wei fan ’t kwea te mijen.
Jou my dan altyd, Hear, wer nije moed
om Jo it offer fan myn liet te wijen!
 

Lêze Markus 4 : 26- 29

Wy lústerje nei de meldij fan liet 838 en lêze de kûpletten 1 en 3  mei
1
O grutte God, de leafde sels,
o Heit op wa’t wy bouwe,
kom yn ús hert, dat wy ússels
yn leafde oan Jo jouwe.
Meitsje_ús it ljocht fan dizze wrâld
en foar de ierde sâltsjend sâlt.
Lit ús jo wurden sizze,
jo wierheid iepenlizze.
 
3
Lear ús de godlik-wize wet
fan leafde te bewarjen,
dat wy net yn in tizelnet
fan striid en skeel bedarje.
Lis op ús lippen ’t âlde wurd
dat op jo bân mei minsken tsjut.
Doch troch ús dwaan en litten        
jo hearlik wurk te witten.
 

Oertinking

Wy lústerje nei de meldij fan liet 834 en lêze de kûpletten 1, 2 en 3 mei
1
Wol my fernije, ivich ljocht,
jo antlit haw ik altyd socht,
jou dat ik yn jo mienskip diel,
werskep my, God, nei lea en siel.
 
2
Skep, God, in nije geast yn my,
in geast fan ljocht, fan sûnde frij,
dan sil ’k jo wurd en wil ferstean
en fleurich op jo wegen gean.
 
3
Wês Jo de sinne_yn myn bestean,
dan kin ik feilich fierder gean,
oant aanst de dei komt, ivich ljocht,
dat ik jo hearlik antlit sjoch.
 
 

Dankgebed , gebeden en foarbea

Wy lústerje nei de meldij fan slotliet 868 en lêze de kûpletten 1 , 2 en 5  mei
1
Loovje de Hear, jou dy machtige kening de eare!
Sjong Him fan herten ta. Lit ús no bliid musisearje.
Kom en doch mei,
spylje en sjong al den dei.
Loovje_al wat libbet de Heare!
 
2
Loovje de Hear, dy’t mei leafde dyn libben bestjoerde,
dy’t as in earn mei syn wjukken dy heinde en hoede.
Troch nacht en skaad
brocht Hy wer freugde_op dyn paad,
kearde_Er dyn libben te’n goede.
 
5
Loovje de Hear, wol no priizgje syn hearlike namme,
kristenen dy’t lykas Abram syn ropstim fernamen.
Hy is jim ljocht,
hat jim mei jeften betocht.
Alles wat libbet sjongt: Amen.
 
 

Wurd foar de segen

Segen(  en sprutsen amen )

Op it oargel wurdt de meldij spile fan liet 416 ( Hear wês mei ús oant in oare kear..)

(Kollekte by it útgean)




Collecten:
1. Diaconie
2. Kerk
Uitganfgscollecte: Kerk In Actie: Zending

terug