It liet fan de leafde It liet fan de leafde
Al koe ‘k my rêde yn alle talen, mar de taal fan de leafde koe ik net, wat soe ik fierder noch bemale?
Myn lûd wie kling-klang fan metalen, ik blaasde lucht út in trompet.

Al soe ik alle dingen witte dy’t de wittenskip te witten jout en koe myn geast de tiid bemjitte,
soe ik de leafde blyn ferjitte, ik wie in beam út môgelhout*.

Al joech ik alles oan de earmen, ja, al sparre ik myn libben net en stie ik yn foar al myn dreamen,
It wie te min om op te neamen, beweegde leafde net myn heart.

De leafde is freonlik en lankmoedich, net jaloers, net pronksiik, net benypt*, net rankuneus en net breinroerich*.
De leafde jout harsels oerfloedich, gjin ding oait dat se net begrypt.

Us kennis sil in ein oan wêze, mar de leafde giet net wer ferlen.
Se sil ’t koartsichtich each genêze,
him speegljend yn besleine glêzen, en lit ús djiptste wêzen sjen.

De dagen meie as sân ferstowe, trije dingen geane noait foarbij – hoe hurd de tiden ek ferskowe,
de grûn is: leafde, hoop en leauwe. En dochs, de leafde giet dermei*.
Liettekst: Eppie Dam (1953)

* Môgelhout = vermolmd          * Benypt = benepen
* Breinroer = heel kwaad                  
* De leafde giet dermei = de liefde gaat boven alles
 
terug